Remon Bruinsma wierskynlik troch ferdrinking om libben kaam

Remon Bruinsma fan De Westereen is nei alle gedachten om it libben kaam troch ferdrinking. Dat docht bliken út de seksje op it lichem, meldt de plysje tongersdei oan de ein fan de middei. Der binne gjin ynwindige en útwindige ferwûningen fûn. Der is ek toksikologysk ûndersyk dien. De útslach dêrfan wurdt ein nije wike ferwachte.
It lichem fan Remon Bruinsma waard ôfrûne moandei fûn yn it wetter fan de Prinsetún yn Ljouwert. Hy wie mear as fjouwer wiken fermist.