FIDEO: Fernijde reedrydhoeke iepene yn Grouster museum

Museum Hert fan Fryslân yn Grou hat in fernijde reedrydhoeke. Der is no in soad omtinken foar reedriders fan de ôfrûne 200 jier út Grou en omkriten. Dy kamen en komme faak út ferneamde reedrydfamyljes, sa as de Kingma's en de Van der Meers. Under oaren Jorrit Bergsma en Dick Jellema komme út de Kingma-line. De Van der Meer-line hat reedriders fuortbrocht as Atje en Boukje Keulen en Sjoukje Bouma.
Yn de reedrydhoeke binne ek in protte persoanlike saken en foto's fan oare belangrike reedriders te sjen. Sa hat it museum bygelyks de Olympyske gouden medalje, de earste klapredens en in reedrydpak krigen fan âld-reedrider Ids Postma fan Dearsum.
Dit jier hat it museum ek in soad omtinken foar Kulturele Haadstêd 2018. Yn it iepeningswykein fan it kulturele jier komt it museum op 26 jannewaris mei ferhalen út en yn it Hert fan Fryslân.