NOS en regionale omroppen sille noch mear gearwurkje

04 jan 2018 - 16:23

De regionale omroppen en de NOS hawwe ferline jier hast 2500 radio- en telefyzjebydragen mei-inoar útwiksele. Regionaal nijs waard fia de site en de app fan de NOS mear as 130 miljoen kear lêzen. Dat docht bliken út in oersjoch fan Bureau Regio, de aparte redaksje fan de regionale omroppen yn Hilversum. De regionale omroppen en de NOS diene ek in tal ûndersyksprojekten mei-inoar. Dan gie it bygelyks om de wurkdruk ûnder leararen en om wat riedsleden driuwt om aktyf te wêzen yn de polityk.

De NOS en de 13 regionale omroppen wurkje al langer gear en sille dit ek mei trochsette, sa hawwe se koartlyn ôfpraat. Beide partijen fine de gearwurking wichtich. De NOS kin sa djipper yn de hierfetten fan de mienskip trochdringe. En de regionale omroppen kinne makliker by it nasjonale en it ynternasjonale nijs komme. Sa kin it publyk sa folslein mooglik ynformearre wurde.
 

Trefwurden: 
NOS Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)