Boerinne wint 7e Boere-PC

07 jun 2012 - 18:27

Anneke Reitsma fan Hegebeintum hat tongersdei yn Stiens de 7e Boere-PC wûn. It is foar it earst dat it sportive evenemint foar boeren troch in boerinne wûn is. Oan de keatswedstriid diene dit jier 72 boeren en 24 boerinnen mei. Sy waarden trochinoar lotte en koene yn trije omlopen punten fertsjinje. Anneke Reitsma die dat it bêste.

De Boere-PC foarsjocht yn in dúdlik ferlet ûnder melkfeehâlders en bouboeren. It evenemint moat foar de 8e edysje wol útsjen nei in nije sponsor, want de Fryslân Bank hâldt der mei op.

De sânde Boere-PC waard tongersdei offisjeel iepene troch foarsitter Westra fan de 'grutte PC' yn Frjentsjer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)