Kâns op swiere wynstjitten: koade giel
It KNMI hat fanwege de kâns op swiere wynstjitten foar tongersdeitejûn koade giel ôfkundige foar Fryslân. De warskôging jildt foar it noardwestlik kustgebiet, it Waad en de Iselmar. Lokaal kinne dy wynstjitten in krêft fan wol hûndert kilometer yn de oere hawwe. Se komme út west-súdwestlike rjochting, seit it KNMI.