Donearaksje opset foar famylje Remon Bruinsma

In tante fan Remon Bruinsma hat in donearaksje opset. Se wol jild ynsammelje om de kosten te beteljen fan it ûndersyk nei de deadsoarsaak fan Remon út De Westereen. Hy wie fjouwer wike lang fermist, syn lichem waard op nijjiersdei fûn yn it wetter fan de Prinsetún yn Ljouwert.
Tongersdei wurdt seksje dien op it lichem. As út dat ûndersyk bliken docht dat it om in misdriuw giet, folget in juridyske proseduere. Dat skriuwt Gea Bruinsma, de tante fan Remon, op de webside fan de donearaksje. Ek as it net om in misdriuw giet, hat de famylje ferlet fan in advokaat. Omdat soks in soad jild kostet, is in ynsammelaksje opset. Dy hat oant no ta mear as 4500 euro opsmiten.
Der wurdt tongersdeitejûn yn Ljouwert in betinking hâlden foar Remon. Belangstellenden kinne harren om 7 oere jûns melde by de Waag oan de Nijstêd, wêrnei't de stoet rjochting de Prinsetún kuieret. Dêr wurde blommen yn it wetter litten. De tocht is neffens de inisjatyfnimmers organisearre yn oerlis mei de famylje.