Fryske Jûn: allinnich mei de gitaar foar 6.000 man

04 jan 2018 - 21:25

It grutte ôftellen is begûn foar Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Tim Douwsma, De Kast, Elske DeWall en Vangrail. Oer twa dagen is it safier: de earste edysje fan de Fryske Jûn yn konsertseal AFAS Live yn Amsterdam. In jûn dy't folslein yn it teken stean sil fan de Fryske muzyk.

Foar in soad artysten sil it de earste kear wêze dat se yn de ferneamde konsertseal steane. In seal dêr't ek grutte nammen lykas Radiohead en Lady GaGa op it poadium stien hawwe. Sels foar in suksesfolle Fryske band lykas Vangrail bliuwt soks bysûnder. "Alle optredens dy't wy dogge binne unyk, fansels is it iene konsert grutter as it oare, en dan is AFAS Live wol in tige bysûndere popseal." Fertelt de sjonger fan de band Raynaud Ritsma "Wy sjogge der hiel bot nei út!"

Opfallende gearwurkingen

Yn de lêste dagen is der fansels kontakt tusken de ferskate artysten. Se sjogge inoar in protte yn it Frysk sirkwy mar dit is wol wat oars, en dat freget fansels ek om in oare tarieding. "Wy sille in ferske spylje mei Gurbe," ferklapt Raynaud. "Wy sjogge inoar faak en der is dit jier fansels in soad oer praat. Dy foarwille is fansels super leuk!"

De gearwurking tusken Vangrail en Gurbe betsjut lykwols net dat it allegearre duetten en gearwurkingen wurde op sneontejûn. De artysten sille foar in grut part ek harren eigen repertoire bringe. "Wy spylje de songs dy't wy graach spylje en dy't by ús passe. Mar wy sille wol wat leuke saken dwaan wilens ús show, dy't wy noch nea earder dien hawwe." Wat dat dan krekt wêze sil bliuwt foarearst noch in geheim.".

Allinnich mei de gitaar foar 6.000 man

Gurbe Douwstra sil foar it earst yn de grutte Amsterdamske konsertseal stean. En foar him sil dat wol in útdaging wurde, sa mei de gitaar. "Ik bin yndie no ienris in trûbadoer, in man mei gitaar, dy't syn eigen ferskes skriuwt en sjongt. En ik besykje, wêr't ik ek spylje, de lietsjes hearre te litten, dy't ik sels ek moai fyn om te dwaan. Hoe't dat krekt wurkje sil yn in grutte romte lykas dy fan AFAS Live, dat wit ik net. Dat moat ik saterdei mar 'aan den lijve' ûnderfine." Douwstra fynt it faak noflik om kontakt te meitsjen mei it publyk en hy tinkt dat dit wol dreger wurde sil yn Amsterdam, mar hy sil it wol besykje, sa seit er.

It is lykwols net foar it earst dat de Fryske trûbadoer foar sa'n grut publyk stean sil. "Ik ha yn it ferline wol twa kear op de Fryske Music Night yn it WTC yn Ljouwert stien. Dêr wienen beide kearen mear as 5000 man/frou publyk, dus foar de 'massa' bin ik net echt benaud." Senuweftich sil er nei alle gedachten dan ek net wêze as er it poadium sneon op moat. "Ik ha murken dat as je de minsken net mear 'telle' kinne, it net safolle ferskil makket as der no 2.000 of 6.000 binne."

Foar sjongeres Elske DeWall liket de Fryske Jûn it safolste grutte konsert yn koarte tiid. Dochs bliuwt it ek foar har in bysûnder projekt. "Fansels is it spesjaal, it is eins altyd al in winsk fan my om yn AFAS Live te stean, en ferline jier mochtdat al mei de 3Js, en no as in soart thúswedstriid yn Amsterdam, dat fielt wol bysûnder." 

"Nocht yn de sfear en de adrenaline"

Gurbe Douwstra hat der krekt lykas de oare artysten bot nocht oan, en hopet noch wat persoanlike mominten pakke te kinnen. "Wêr't ik dochs wol it measte nei útsjoch is, wa't ik oan kunde yn it publyk sjen sil. Ik wit dat myn bern en myn freondinne der by binne en ik wit ek dat der in pear freonen út Noard-Hollân der binne. Ik hoopje yn de gelegenheid te wêzen mei harren te praten."

Op de fraach wêr't Raynaud it measte nei út sjocht op sneontejûn, is er dúdlik: "It spyljen mei de band, it momint dat wy ôftikje, it momint dat wy de bühne oprinne, de sfear en de adrenaline."

Live

Op sneontejûn 6 jannewaris is Omrop Fryslân op radio live by de Fryske Jûn. It evenemint is fan 19.00 oere ôf live te folgjen fia 92.2FM. De presintaasje is yn hannen fan Johan Terpstra en Wim Brons sjocht efter de skermen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)