Min jier foar de earrebarren, soad deade jongen

04 jan 2018 - 13:48

2017 wie in tige min jier foar de earrebarren yn Fryslân. Yn fergelyk mei 2016 wienen der de helte minder earrebarren. Dêrmei is 2017 in tragysk jier. Dat skriuwt It Eibertshiem yn syn jierferslach. Dizze stichting set him yn foar it yn stân hâlden fan it tal earrebarren. Yn Beetstersweach waarden yn juny tritich deade jongen oantroffen op de nêsten. Dêr wienen úteinlik 25 folwoeksen earrebarren.

Yn en om Earnewâld binne mar tsien earrebarren útflein. It Eibertshiem makket him foarearst gjin soargen. Lanlik sjoen giet it hiel goed mei de earrebarren. It tal briedpearen nimt lanlik sjoen noch hieltyd ta. Der binne no tusken de 1025 en 1075 briedpearen.

(advertinsje)
(advertinsje)