Wetterskip drok mei ekstra reinwetter

04 jan 2018 - 13:03

Wetterskip Fryslân hat it drok mei it fuortwurkjen fan it wetter yn de Fryske boezem, dit komt troch it wiete waar fan de ôfrûne tiid. Der is de ôfrûne fjouwer moanne sa'n soad rein fallen, dat it net op de gewoane wize fuort kin. En al dy ekstra ynspanning soarget ek foar mear tillefoantsjes, sa sjocht ek Pier Schaper fan it Wetterskip. "Wy krije wat faker klachten oer ferstoppe dûkers en steuringen yn poldergemalen om't dy oeroeren draaie."

Woudagemaal

De poldergemalen draaie op folle toeren, mar it Woudagemaal hoecht net oan. Alle dagen wurdt der troch it Wetterskip in evaluaasje makke om te sjen oft it nedich is om it Woudagemaal op te starten. Mar oant no ta hat dit noch net nedich west. "Lokkigernôch is it hjoed (tongersdei) aardich drûch bleaun en dat makket krekt it ferskil, yn kombinaasje mei it op gong hâlden fan de spuikapasiteit." Sa leit Schaper út.

At der krekt in pear milimeter mear fallen wie, hie it âlde gemaal wer oan moatten. In pear milimeter makket dus in grut ferskil. Schaper: "Op it gebiet fan hiel Fryslân betsjut 1 milimeter mear reinwetter al 3 miljoen kúb mear wetter. En dan stiet it Woudagemaal foar 2 milimeter in folsleine dei oan om it fuort te krijen."

It Wetterskip krijt ek in soad fragen oer wetter op it hiem en yn de kelders, mar dat is neffens Schaper net de ferantwurdlikheid fan it Wetterskip. As it wetter wer yn de sleatten en fearten komt falt it ûnder it behear fan it Wetterskip.
 

(advertinsje)
(advertinsje)