Busferfier leit plat: ''bespotlik'', mar ek begryp

04 jan 2018 - 12:15

It busferfier yn Fryslân leit foar in grut part plat. Sjauffeurs fiere aksje, omdat se de wurkdruk te heech fine. Dy wurkdruk wurdt ek, fine de sjauffeurs, alle jierren heger. Reizgers besykje begryp op te bringen foar de aksjes, mar dat slagget net yn alle gefallen. ''Ik fyn it bespotlik'', seit in man. ''Minsken moatte wol op harren bestimming komme kinne.'' In oar wie net op 'e hichte fan de staking en stie tongersdeitemoarn yn 'e kjeld. ''Ik wie hjir fan 'e moarn, en de bussen stienen der net. Ik wist it hielendal net.''

Provinsjes net frijút

De fakbûnen rjochtsje har pylken by de staking yn it streekbusferfier net allinnich op de ferfierders. Ek de provinsjes gean net frijút, stelle FNV en CNV. De provinsjes besteegje it iepenbier ferfier sûnt 2001 oan en sûnt dy tiid binne de tommeskroeven hieltyd strakker oanlein. Ferfiersbedriuwen stelle skerpere offerten op omdat oars in oar de oanbesteging wint. En dat betsjut wer dat der hieltyd mear frege wurdt fan de wurknimmers.

Neffens deputearre Johannes Kramer leit it doch krekt wat oars. ''Dit binne ôfspraken tusken wurkjouwer en wurknimmer. Wy stelle dat men him hâlde moat oan de CAO-ôfspraken. Dat is in saak tusken de fakbûnen en de wurkjouwers. Dêr sit de oerheid net tusken, dat soe ek net goed wêze.''

Nije aksjes

Fakbûnen CNV en FNV komme mei nije aksjes yn it busferfier, as de wurkjouwers net wat dogge oan de hege wurkdruk foar it personiel. It giet dan om regionale estafette-aksjes, dy't fan 16 jannewaris ôf hâlden wurde sille. Neffens de fakbûnen docht by de staking fan hjoed bliken dat it in soad sjauffeurs mienens is en dat se ree binne om aksje te fieren. De aksje fan hjoed duorret noch oant alve oere. Yn it grutste diel fan Fryslân ride der gjin bussen.

Trefwurden: 
staking ferfier bus sjauffeurs
(advertinsje)
(advertinsje)