Pauwepearke fûn yn Damwâld, syktocht nei eigener

04 jan 2018 - 11:22

Yn Damwâld binne twa pauwen fûn. It giet om in koppeltsje en dat bart net sa faak, neffens Harm Sliep fan de skutstâl yn Dokkum. Dêr wurde de eksoatyske fûgels op it stuit opfongen. It mantsje en it wyfke binne ferline wike al sinjalearre yn Damwâld. Sliep krige der al ferskillende kearen meldingen oer. Ek moandei waarden de pauwen op in dak sjoen. "Mar ik wol it dak net opklimme om der achteroan te gean. Want as ik yn de buert kom, dan fleane se wer fuort."

Op nijjiersdei kaam om in oer as fjouwer wer in melding fan minsken dy't de pauwen op dak hienen. "In buorman hat hinnen. Dy hat doe hinnefoer struid en de fûgels sa it hinnehok yn lokt. Doe koe ik se ophelje." Sûnt tiisdeitemoarn sitte se yn de skutstâl. De eigeners wurdt frege kontakt op te nimmen mei Sliep, dat kin fia de redaksje fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Damwâld pau fûn
(advertinsje)
(advertinsje)