Supermerk Toppenhuzen gewoan iepen nei brân

04 jan 2018 - 09:57

De supermerk yn Toppenhuzen is gewoan iepen gien nei de brân fan tongersdeitemoarn. Om seis oere hinne ûntstie de brân yn de tsjettelromte fan de winkel. Troch de bestriding fan it fjoer is der sawol reek- as wetterskea yn de tsjettelromte. De supermerk sels hat gjin skea oprûn. Der hinget allinnich in reeklucht yn de winkel. Om dy fuort te krijen wurdt de boel goed luchte.
 

Trefwurden: 
Superrr Toppenhuzen brân
(advertinsje)
(advertinsje)