Radio Stad Harlingen en Eenhoorn fusearje dit jier

04 jan 2018 - 09:44

De fúzje tusken Radio Stad Harlingen en Radio Eenhoorn moat dit jier rûn komme. Eenhoorn is de lokale omrop foar de gemeente Waadhoeke. Beide stjoerders jouwe oan dat de easken fan de oerheid hieltyd stranger wurde en dat it harkgedrach sa fluch feroaret, dat se dêr net langer goed op ynspylje kinne. De gemeentebestjoeren binne posityf oer de foarnommen fúzje.

De nije omrop sil ûnder ien frekwinsje út twa studio's útstjoere. De programma's bliuwe safolle mooglik itselde. Fierder wurdt de programmearring útwreide. De ynwenners wurdt frege mei in nije namme te kommen foar de nije omrop.

(Advertinsje)
(Advertinsje)