Nije koers foar MFC De Utherne yn Drylts

04 jan 2018 - 08:32

It multyfunksjoneel sintrum De Utherne yn Drylts sil in nije koers farre. Fan dit jier ôf hawwe twa nije pachters de lieding oer it sintrum. Fokke Rosier en Majanka Faber nimme it stokje oer fan behearder Herman Baudet, dy't him jierrenlang ynset hat foar De Utherne. Woansdeitejûn binne de nije plannen foar it multyfunksjoneel sintrum presintearre.

Sa sille de sportaktiviteiten ferbrede wurde, krijt de kantine in upgrade mei in terras en sille der fjouwer kear per jier eveneminten organisearre wurde. Mar earst moat it sintrum ferboud wurde. Ein april dit jier moat alles klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)