Auto folslein útbrând yn Kollum

04 jan 2018 - 08:09

Oan de Mr. Andreasstrjitte yn Kollum is tongersdeitemoarn om healwei achten hinne in auto útbrând. De bestjoerster hie har auto krekt parkearre op it parkearplak by twa supermerken. Doe't se weromkaam, stie de wein yn 'e brân.

De brânwacht fan Kollum hat it fjoer útmakke. In berger hat de auto fuortsleept. De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
Kollum brân auto
(advertinsje)