Fryske bussen ride net fanwegen staking bussjauffeurs

Fryske bussjauffeurs fan Arriva lizze tongersdei it wurk del fanwegen de hege wurkdruk. Yn Fryslân ride der tongersdei gjin bussen, útsein op de eilannen. De fakbûnen hienen de wurkjouwers earder in ultimatum steld, mar de ferfierbedriuwen kamen net mei konkrete foarstellen om de wurkdruk te ferleegjen. It resultaat is in lanlike staking. Fakbûnen CNV en FNV ferwachtsje dat der yn Fryslân sa'n tachtich oant njoggentich prosint fan de sjauffeurs stake sil.
Oerlêst
Op ferskate plakken yn ús provinsje komme sjauffeurs en fakminsken by inoar om de stakingsformulieren yn te foljen. De grutste plakken dêr't staakt wurdt, binne Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean en Snits. Foar reizgers betsjut de staking in soad oerlêst.
De staking is in aksje foar in goeie CAO. It giet neffens fakbûn CNV net om hegere leanen, mar om mear tiid foar skoft en service oan reizgers. Wichtich is ek dat der jild komt foar oplieding en mear perspektyf foar útstjoerkrêften.