Kollum: ''Trein''

04 jan 2018 - 08:20

''Twa dingen fûn ik stom oan de âldjierskonferense fan Youp van 't Hek. It earste wie dat it allegear nochal foarspelber wie, sa as de plattrape grapkes oer #MeToo. It twadde wie dat hy yoga foar de gek hold, troch al even foarspelbere en plattrape grapkes oer yogamatsjes, ynstrukteurs mei knotsjes en dat it allinnich foar froulju op middelbere leeftiid is. Ik ha in pear maten dy't oan yoga dogge, en dat binne jongfeinten. Dat hat neat mei matsjes te krigen. It is in serieuze sport foar harren. Dus ik wit net sa goed wêr't Youp dit foar nedich hat. Mar der wie ien ding dêr't Youp wol de finger op it sêre plak lei.

"We vliegen de hele wereld naar de klote, en we doen het met ongelooflijk veel enthousiasme. Want we weten: de hele boel gaat kapot, maar we gaan gewoon door. We zeggen ook niet: we gaan minder vliegen. Nee joh, gewoon vliegveldje er bij, Lelystad."

En it kloppet gewoan. Yn 2016 hienen de Nederlânske lofthavens mear as 70 miljoen passazjiers. En dat giet allinnich mar omheech. Folslein terjochte neamt Youp dat, want je wurde hast oansjoen foar in spelbederver as je der tsjintwurdich wat fan sizze. "Het is zo interessant. Er is niemand die zegt: 'Ik ga principieel...'' Dat is dan wer net hielendal wier, Youp. Sa wie waarman Peter Kuipers Munnike ein desimber yn 'Met Het Oog Op Morgen' te gast.

"Je voelt je soms wel een beetje een idioot. Ik ga bijvoorbeeld in april naar Wenen, naar een conferentie over aardwetenschappen. En ik ga dus de trein nemen, die treinreis heb ik vorige week geboekt. Voor een retourtje naar Wenen moet ik dus bijna 300 euro betalen. Ik had ook het vliegtuig kunnen nemen, voor 110 euro."

Mar dêr is dus it grutte probleem: "Dat is natuurlijk totaal idioot, dat dat zo is. Omdat zo'n vliegtuig per passagier veel en veel meer kerosine verbruikt. Maar je wordt daar dus totaal niet op afgerekend." En sa krijt Youp gelyk. Wy fleane de ierde nei de kloaten. Om't it goedkeaper is. Der wurdt op it stuit wurke oan in boek dat de titel kriget 'Thuis blijven is duurder', wat presys útleit hoesto sa goedkeap mooglik fleane kinst.

De loftfeart is ferantwurdlik foar 12 prosint fan de CO2-útstjit troch ferfier. Strielmotoaren wurkje net mei katalysators, en bringe troch de hege ferbraningstemperatuur yn 'e motor in protte ekstra NOx-en en fijnstof yn 'e atmosfear. De loftfeart is de fluchst groeiende boarne fan broeikasgassen, en se ferwachtsje dat oer sa'n tritich jier it oandiel fan de CO2-útstjit troch de loftfeart tanommen is oant 22 persint. En der is gjin sektor dy't dêr mar sa'n bytsje oan docht.

Undertusken sit der op de fleantúchbrânstof gjin aksyns. Op fleantickets sit gjin BTW. Troch it ynternasjonale karakter fan de loftfeart slagget it ek suver net om de útstjit te regulearjen. Sa komt it datst foar in pear tientsjes yn Barcelona of Wenen sitte kinst. Kinst foar noch gjin 350 euro hinne en wer nei New York.

Ik hear dat en dan sakket de moed my yn 'e skuon. Wêrom riid ik yn sa'n lytse auto? Wêrom wol ik sinnepanielen op myn dak? Wêrom skied ik plestik, papier en glês fan myn ôffal? Want it binne allegearre mar dripkes op in gloeiende plaat, sa lang as elkenien mar yn die fleantugen stapt.

Sûnt iennige tiid rop ik: vliegen is het nieuwe roken. We witte allegearre dat it min foar ús en de wrâld is, we witte allegear dat we it net dwaan moatte, en dochs bart it. En allinnich mar mear. Der wurdt yn de kommende moannen wer wiidweidich reklame makke foar de moaiste fakânsjebestimmingen. Mei kollega's en freonen wurde plannen útstippele foar de simmer en de kâns is hiel grut dat it in fleanfekânsje wurdt.

Ik spruts in freondinne ris oan op har fleangedrach, en doe sei se: ja, ik wit it, mar sûnder my fljocht dat fleantúch dochs ek. Ja, dat kloppet, as we allegearre sa tinke, sei ik. Sa tink ik dus net, mar: je voelt je soms wel een beetje een idioot, sa't Peter Kuipers Munnike sei.

Ik hie einliks hope op in wat optimistysker begjin fan 2018. Myn foarnimmen: faker mei de trein. Foaral nei it bûtenlân!''

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)