Fernielingen oan Ekke de Haanskoalle op It Hearrenfean

04 jan 2018 - 07:10

De plysje siket tsjûgen fan fernieling oan de Ekke de Haanskoalle op It Hearrenfean. De plysje sprekt fan slimme fernielingen oan de basisskoalle oan de Zegge. It fandalisme hat plak fûn tusken tongersdei 28 en freed 29 desimber.

Der is grutte skea oan it gebou, sa seit de plysje. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne har ek anonym melde.

(advertinsje)
(advertinsje)