Brân yn supermerk Toppenhuzen ûnder kontrôle, skea falt ta

By de brân yn de supermerk fan Toppenhuzen is tongersdeitemoarn de tsjettelromte skansearre rekke. Troch de brân ûntstie der reek- en wetterskea yn dat part fan it gebou. Yn de supermerk sels liket de skea ta te fallen. Dy gie tongersdeitemoarn gewoan wer iepen.
Sloopwurk
De brânwacht joech krekt foar sânen it sein brân master. De brânwachtminsken dienen noch wol in neikontrôle, om te sjen oft it fjoer ek echt út wie. Om by it fjoer te kommen, moasten der sloopwurksumheden útfierd wurde yn de tsjettelromte.
De brânwacht hie yn earste ynstânsje opskaald nei in middelbrân. Der wienen meardere korpsen útriden. De brân ûntstie tsjin seis oere.