FIDEO: Kaartklup De Heidebloem fiert 150-jierrich jubileum

03 jan 2018 - 22:54

Kaartklup 'De Heidebloem' út Oranjewâld fiert dit jier syn 150e jubileum. Op 24 febrewaris 1868 waard de klup oprjochte as resitearkolleezje en lêsselskip. Sa waarden der komyske stikken opfierd en gedichten foarlêzen. Yn de rin fan de jierren hat de klup noch in oantal oare rollen hân. No is it allinnich noch in kaartklup, dêr't benammen it âlde Fryske spul 'skutjassen' spile wurdt.

De leden binne wat benaud dat se in folgjend jubileum net mear fiere kinne, om't de leeftiid hieltyd heger wurdt en der gjin jongere leden by komme. Mar wa wit feroaret de klup dan wol wer fan aktiviteit.

(advertinsje)
(advertinsje)