IIshockeyers UNIS Flyers nei bekerfinale

© fotopersbureau MartindeJong
De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe de finale fan de nasjonale beker berikt. De Feansters wûnen woansdeitejûn yn Brabân mei 6-3 de twadde wedstriid yn de heale finale fan Eindhoven. De perioadestannen wiene 1-3, 2-3 en 0-0. De Flyers wiene yn de earste wedstriid op It Hearrenfean ek al mei 6-3 te sterk foar Eindhoven.
Hattrick Bezak
Eindhoven iepene yn eigen hûs by de earste de bêste doelpoging direkt de skoare. Lang koene de Brabanners net fan de foarsprong genietsje, want troch in hattrick fan Adam Bezak sluten de Flyers de earste perioade mei in 3-1 foarsprong ôf.
Yn de twadde perioade gie it spul op en del. Sa ek it skoareferrin. Kevin Nijland, Ronald Wurm en Pippo Limnell bouden de skoare út foar de Flyers. Eindhoven die tuskentroch wat werom, sadat de twadde perioade mei 6-3 yn it foardiel fan de Feansters einige.
Fiifde finale op rige
De tredde perioade levere noch de nedige kânsen op foar beide ploegen. Sa skeat Bezak op 'e latte. Der waard lykwols net mear skoard, wêrtroch't de Flyers foar de fiifde kear op rige yn de nasjonale bekerfinale stean. Yn dy finale nimt UNIS Flyers it op 4 febrewaris op tsjin Hijs Den Haag.