Boargemaster Crone stiet op nijjiersresepsje stil by Remon

03 jan 2018 - 21:01

Boargemaster Ferd Crone stie woansdeitejûn, by de nijjiersresepsje fan de gemeente Ljouwert, stil by de dea fan Remon Bruinsma. Crone sei dat hy bot rekke is troch de dea fan de jonge. En hy priizget tagelyk de mienskipssin fan de Friezen by de syktocht nei Remon: "Dat vond ik fantastisch, want hier hebben zoveel mensen geholpen met zoeken. Maar ook de beleving van verdriet deze week weer, ja dat is de mienskip hè?" Tongersdei is der yn Ljouwert in betinking foar Remon Bruinsma. It lichem fan de fermiste 18-jierrige Westerener waard moandeitemiddei fûn yn it wetter fan de Prinsetún.

Nijjierskonsert

Neist de resepsje organisearret de gemeente Ljouwert ek in nijjierskonsert yn stedskouboarch De Harmonie. It konsert wurdt fersoarge troch it Nederlands Blazers Ensemble en Kening fan 'e Greide. Om de weryndieling fan de gemeente mei Ljouwerteradiel en in part fan Littenseradiel te fieren, wurdt it feest fergees oanbean. It is in folle bak yn De Harmonie, want alle beskikbere kaartsjes foar it nijjierskonsert binne fersein.

(advertinsje)
(advertinsje)