Ein karriêre hurdfytser De Vries (21) nei hertklachten

03 jan 2018 - 20:27

Hurdfytser Hartthijs de Vries hâldt op as proffytser. It 21-jierrige talint út Kollum hat dit op advys fan syn dokters besletten. Nei in perioade mei ferskate lichaamlike klachten, docht út ûndersyk bliken dat De Vries in hertsteuring hat.

"Spitigernôch komt myn karriêre by Team Roompot ûnferwachte betiid ta in ein", seit De Vries. "It wie in tige drege beslissing om myn profkontrakt op te jaan. Lykwols is it opfolgjen fan it doktersadvys de iennige goede kar om myn sûnens de foarrang te jaan."

De Vries fytste by Team Roompot-Nederlandse Loterij. "Dit is een enorme klap voor Hartthijs. We betreuren het dat hij het team zal verlaten", lit teammanager Michael Zijlaard witte.

(advertinsje)
(advertinsje)