Drankrider mei heale liter wodka op oanhâlden yn Ljouwert

Alkoholkontrôle © ANP XTRA
In 34-jierrige Ljouwerter is woansdeitemiddei oanhâlden om't er fierstente folle dronken hie. Hy moast op it plysjeburo in azemanalyze dwaan en ferklearre dêr sels dat er in heale liter wodka dronken hie en dêrnei yn 'e auto stapt wie.
De fertochte is syn rydbewiis kwyt en hat in rydferbod oplein krigen. De man hie syn rydbewiis sûnt in healjier.