Knegt en Schulting hawwe wrâldwide primeur mei ynnovatyf pak

03 jan 2018 - 19:59

Shorttrackers Sjinkie Knegt fan Bantegea en Suzanne Schulting fan De Tynje hawwe yn iisstadion Thialf traind mei in nij ynnovatyf shorttrackpak. It is de bedoeling dat se mei it pak harren hâlding ferbetterje kinne. Knegt en Schulting hawwe in wrâldwide primeur troch mei it pak te trainen. Se hoopje hjirmei de kânsen op Olympysk súkses yn Súd-Koreä te fergrutsjen.

App

It pak is op maat makke en bringt de eksakte lichemshâlding yn kaart, en berekkenet bygelyks de ôfstân fan de heupen oant it iis. It pak stiet yn ferbining mei de smartphone fan bûnscoach Jeroen Otter, wêrop't hy fia in app yn realtime de data binnen krijt. Sa is op de milimeter presys te sjen oft Knegt en Schulting wol djip genôch sitte. As dat net it gefal is, kin Otter mei ien druk op 'e knop in trilling ferstjoere, dy't de shorttrackers dan fiele troch it pak. Sa kinne se harren hâlding fuortendaliks oanpasse.

Knegt is posityf

Knegt is posityf oer de ynnovaasje. "Ik ried altyd op gefoel en skatte sels yn oft ik djip genôch siet. No kin myn coach presys sjen oft ik noch krekt wat djipper sitte moat foar myn ideale hâlding."

(advertinsje)
(advertinsje)