Mei haast beammen kapt op A6 nei stoarm, ien rydstrook ticht

03 jan 2018 - 18:17

Rykswettersteat sil woansdeitejûn mei haast beammen kappe lâns de A6 tusken Emmeloard en De Lemmer. Dat meldt Omrop Flevolân. Neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat moatte de eskebeammen kapt wurde fanwegen de stoarm. Troch de hurde wyn waaiden seis oant acht beammen om en bedarren op de dyk. De beammen soenen hoe dan ek kapt wurde, om't se de esketaksykte hawwe, mar út foarsoarch wurdt dit no dus earder dien.

De wurksumheden sette útein om sân oere en duorje de folsleine nacht. Ien rydstrook is dan ôfsletten.

Trefwurden: 
A6 De Lemmer beammekap
(advertinsje)
(advertinsje)