Stoarm soarget foar lyts drama by iisklup Lekkum

03 jan 2018 - 17:17

De stoarm fan woansdei hat foar iisklup 'IIsnocht' yn Lekkum foar in domper soarge. It hiele dak is fan it gebou by de iisbaan ôfwaaid. Dat leit no sa'n acht meter fierder, yn 'e tún fan de buorlju fan de iisbaan. Yn it húske sels is de ravaazje ek grut.

It gebou is in pear jier lyn krekt nij boud troch frijwilligers en de fraach is no oft der genôch jild is om it allegearre opnij op te bouwen. De iisklup is mar lyts en hat net in soad ynkomsten.

Trefwurden: 
iisklup Lekkum stoarm
(advertinsje)
(advertinsje)