Piet Paulusma: "Stoarm wie bêst ekstreem"

03 jan 2018 - 17:09

De westerstoarm fan woansdei wie "bêst ekstreem", fynt waarman Piet Paulusma, benammen omdat de hurde wyn lang duorre. Ek yn de nacht fan tiisdei op woansdei wie der al hurde wyn yn kombinaasje mei in protte rein.

Op Flylân waarden wynstjitten registrearre fan wol 125 kilometer yn de oere. Gemiddeld stie dêr in wynkrêft 11 en "dat bart net sa faak", seit Piet. Je moatte werom oant 5 desimber 2013 foar dy omstannichheden. Ek fierder de provinsje yn kamen swiere wynstjitten foar.

Folgje it nijs oer de westerstoarm yn ús liveblog.

Trefwurden: 
stoarm Piet Paulusma
(advertinsje)
(advertinsje)