Omrop TIP: Fiel de nacht mei Bearn Bilker

05 jan 2018 - 06:11
Bearn Bilker yn Fiel de Nacht - Foto: Omrop Fryslân

Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Omrop Fryslân presintator Bart Kingma praat yn it nachtlike onlineprogramma 'Fiel de nacht' mei boargemaster Bearn Bilker oer syn libben en driuwfearren. Op dizze fiifde dei fan it jier is dat alles te sjen op telefyzje.

It Oerd op It Amelân is it dekôr foar Bart Kingma om de nacht troch te bringen mei Bearn Bilker. Boargemaster dy't him echt boargerheit fielt, yn in gemeente dy't nochal wat minsklike drama's foar de kiezzen krigen hat. Mar ek in boargemaster dy't in soad tiid stekt yn syn passy: keningshuzen yn Europa. En in boargemaster dy't him der net foar skammet om op te fallen, mei populêre lêzingen en optredens yn de media. In boargemaster mei ambysjes dus, mar ek mei relativearring, en humor. En fertriet. Op freed 5 jannewaris om 17.15 is de ôflevering mei Bearn Bilker te sjen.

Fiel de nacht is fan moandei 1 oan en mei freed 5 jannewaris te sjen op telefyzje. De oare gasten binne Jan Posthuma, Marijke Roskam, Rients Ritskes en Greetje Bijma. Op Omropfryslan.nl/fieldenacht is alles oer Fiel de nacht, de gasten en de ôfleveringen te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)