Omrop TIP: Fiel de nacht mei Greetje Bijma

04 jan 2018 - 06:02

Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Omrop Fryslân presintator Bart Kingma praat yn it nachtlike onlineprogramma 'Fiel de nacht' mei jazz-sjongeres Greetje Bijma oer har libben en driuwfearren. Op dizze fjirde dei fan it jier is dat alles te sjen op telefyzje.

Middenyn de prachtige dunen fan It Amelân bringt Bart Kingma de nacht troch mei Greetje Bijma. Se hat in unyk talint en kriget dêrfoar wrâldwide erkenning. Mar wat se kin is sá bysûnder, dat it aldermachtich lestich is om dêr in grut publyk fan meigenietsje litte te kinnen. En sûnt de stipe fan har man fuortfallen is, is dat oerlibjen allinnich mar dreger wurden. Op tongersdei 4 jannewaris om 17.15 is de ôflevering mei Greetje Bijma te sjen.

Fiel de nacht is fan moandei 1 oan en mei freed 5 jannewaris te sjen op telefyzje. De oare gasten binne Jan Posthuma, Marijke Roskam, Rients Ritskes en Bearn Bilker. Op Omropfryslan.nl/fieldenacht is alles oer Fiel de nacht, de gasten en de ôfleveringen te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)