FIDEO: Fokus op Slauerhoff

'Alleen in mijn gedichten kan ik wonen'. De ferneamde dichtrigel fan Jan Jacob Slauerhoff. Kulturele haadstêd Ljouwert kin net om him hinne, want hy is in Ljouwerter en syn poëzy is wrâldferneamd. Jan Jacob Slauerhoff (1898-1936) wie in soad op see. Hy wie skipsdokter en ûnderweis skreau hy gedichten. Yn 2018 binne der in soad aktiviteiten dy't mei Slauerhoff te krijen hawwe. Keunstner Marije Bouman fan It Hearrenfean makket bygelyks in tentoanstelling fan skilderijen foar museum Belvédère en lit har ynspirearje troch gedichten fan Slauerhoff.
Yn de doarpstsjerke fan Huzum yn Ljouwert wurde kommende simmer lêzingen, konserten en tentoanstellingen holden.
It gedicht fan Slauerhoff oer syn heit - 'In Memoriam Patris' - bestiet út mar leafst 34 strofen en wurdt oerset yn tsien talen. Dit gedicht is ek de basis fan in teäterfoarstelling fan 'Under de toer'. Fan septimber ôf is dat toanielstik te sjen yn de Doarpstsjerke fan Huzum. De regisseur fan it stik is Gooitsen Eenling.