Widdo fan Tjeerd van Seggeren bliuwt langer yn foararrest

03 jan 2018 - 16:14

De frou fan Tjeerd van Seggeren, dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by syn dea, bliuwt tritich dagen langer fêstsitten. Dat hat de rjochtbank woansdei bepaald. De 33-jierrige frou waard 22 desimber oppakt.

Tjeerd van Seggeren waard july ferline jier dea fûn yn in stik greide by De Westereen, nei dat er yn it plak in festival besocht hie. Hy hie slimme ferwûningen oan syn holle. De plysje giet der fanút dat er troch in misdriuw om it libben kaam is.

(advertinsje)