Fertragingen by fearboaten, auto's fan pier Holwert helle

03 jan 2018 - 15:31

Wylst de fearboaten fan Doeksen nei Skylge en Flylân foar in part oan de kant lizze troch de stoarm, farre de boaten fan rederij Wagenborg nei It Amelân en Skiermûntseach noch troch. Wol is der grutte fertraging, om't it oanlizzen folle mear tiid kostet as oars. De passazjiers fan de fearboat fan healwei twaen nei Skiermûntseach hiene dûbeld pech. De fearboat koe wol oan de kant komme, mar de reizgers mochten net fan board, omdat de feardaam ûnder wetter stie. Pas nei trije kertier wie it wetter foldwaande sakke om feilich oan de fêste wâl te kommen.

Auto's op pier Holwert en It Amelân fuortsleept

Yn de nacht fan woansdei op tongersdei wurde de pier op It Amelân en de pier fan Holwert ôfsletten. Troch heechwetter en hurde wyn komme de pieren ûnder wetter te stean. Op de pier binne njoggentjin auto's troch in bergingsbedriuw fuortsleept, om foar te kommen dat se woansdeitenacht yn it sâlte wetter komme te stean. Dat bart yn opdracht fan rederij Wagenborg.

De auto's wurde ferpleatst nei it hege part fan de pier. De rederij docht dit op eigen inisjatyf, sûnder de eigeners te freegjen. "Over het algemeen zijn eigenaren er blij mee dat ze hun auto niet ergens halverwege Holwert en Lauwersoog in zee zien drijven", seit direkteur Ger van Langen fan rederij Wagenborg mei in glimke.

Ek op It Amelân wurdt soks dien, yn opdracht fan de gemeente. Yn de nacht fan woansdei op tongersdei wurdt heech wetter ferwachte. Dan kin der wol in heale meter wetter op de pier stean. De pier wurdt dêrom ôfsletten.

(advertinsje)