Brân by maneezje fan Harich mooglik dochs oanstutsen

"At wy beide kantines besjogge, dan koe de brân wolris op twa plakken tagelyk begûn wêze." Dat seit foarsitter Romke Falkena fan maneezje Gaasterlân yn Harich. Falkena en ponghâlder Lieuwe Zijlstra sjogge it dêrom as in serieuze opsje dat de brân oanstutsen is. De twa kantines wurde skieden troch in dikke muorre, dy't trochbaarnd liket te wêzen. Falkena en Zijlstra hawwe harren fraachtekens derby dat dit troch ien brânkearn barre koe. De plysje hat tiisdei ûndersyk dien nei de brân en hie konkludearre dat de brân yn de keuken ûntstien is.
Crowdfunding
It bestjoer fan de maneezje hopet dat alles goed fersekere is. Neffens Zijlstra is der los fan de fersekering noch wol foar tsientûzenen euro's oan jild nedich. Dat komt benammen troch de gefolchskea. Sa kinne der foarearst gjin seleksjewedstriden riden wurde yn de slim skansearre maneezje. Dy wedstriden moatte allegearre ferpleatst wurde nei oare lokaasjes. Protte omlizzende maneezjes hawwe harren help al oanbean.
Om de maneezje der finansjeel wer boppe op te helpen is der tiisdei in crowdfundingaksje úteinsetten. De teller stie woansdeitemoarn al op 3.000 euro.