LIVE: IepenUP oer de moaiste reedrydferhalen

03 jan 2018 - 19:45

Elkenien hat der wol ien: in legindarysk ferhaal oer it reedriden. Bekende skriuwers, sportsjoernalisten en dichters fertelle yn IepenUP dizze wike oer harren favorite reedrydferhalen út eigen wurk. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

Te gast binne Jillert Anema, Tsead Bruinja, Kees 't Hart, Wybren de Boer, Hylke Speerstra, Klaas Jan van der Weij, Bert Looper, Miriam Bruijstens, Wiep Idzenga, Ruurdtsje Poortinga-de Haan en de Menamer Feintsjes! Dêr krije je dochs nocht fan om de redens ûnder te binen?

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn Iepen Up.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl/ en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

(advertinsje)
(advertinsje)