UPDATE: N31 by Harns is wer iepen

03 jan 2018 - 14:31

De N31 by Harns is wer frijjûn foar ferkear. De dyk waard om kertier oer twaen yn beide rjochtingen ôfsletten om't der platen fan in gebou yn 'e buert drigen te waaien. De platen binne fuort helle mei in heechwurker en de dyk waard om trije oere hinne wer iepensteld foar ferkear.

Dy heechwurker wie earder woansdeitemiddei net direkt beskikber fanwegen it ôfhanneljen fan in oare skeamelding, wêrtroch't der net fuortendaliks úteinset wurde koe mei it fuort heljen fan de platen op it dak fan it gebou.

Folgje it nijs oer de westerstoarm yn ús liveblog.

Trefwurden: 
N31 Harns stoarm skea
(advertinsje)
(advertinsje)