SC Hearrenfean oefenet tsjin Anderlecht

© AWfoto
SC Hearrenfean spilet op it trainingskamp yn Spanje in oefenwedstriid tsjin RSC Anderlecht. It duel wurdt spile op tongersdei 11 jannewaris. De Belgyske topklup stiet op dit stuit op it tredde plak yn 'e Jupiler Pro League, en spile de ôfrûne moannen yn de Champions League. By Anderlecht spilet ûnder oaren âld-Hearrenfean spiler Sven Kums. Kums spile tusken 2011 en 2013 by Hearrenfean en gie dêrnei nei SC Zulte Waregem. De middenfjilder spile yn totaal 69 wedstriden foar Hearrenfean.
De ploech fan Jurgen Streppel sil fan sneon ôf op trainingskamp nei it Spaanske La Manga. Ferline seizoen spile Hearrenfean ek alris in oefenwedstriid tsjin Anderlecht. Doe einige de wedstriid yn Brussel yn in 3-1 oerwinning foar de Belgen.