Ekstra jild nedich foar bysûndere kas yn Snakkerbuorren

03 jan 2018 - 14:12

Der is ekstra jild nedich om de histoaryske broeikas yn de doarpstún fan Snakkerbuorren te behâlden. De restauraasje fan de kas kostet mear as twa ton. De kweekkas hat de status fan kultuermonumint krigen, mar de subsydzje fan de provinsje dy't nei oanlieding fan de beneaming takend is, is mar de helte fan it needsaaklike jild.

As it jild byinoar brocht is sil restauraasje in hiele puzzel wurde, want de kas moat hielendal útinoar helle wurde, yn parten opknapt en wer yninoar set wurde. De kas rekket yntusken aardich fertutearze, rustket mar troch en lekt. In stoarm lykas dy fan woansdei, docht de saak ek gjin goed.

It doel fan de restauraasje is om ynformaasje te jaan oer dit yndustrieel erfgoed en om de skiednis fan de kweekfamyljes yn en om Louwert te fertellen. Frijwilligers sille rûnliedingen jaan en de kas ûnderhâlde. Sa past it yn de doelstelling fan de doarpstún, dat in sosjaal plak is foar moetingen en aktiviteiten foar kânsearmere minsken.
 

Trefwurden: 
Snakkerbuorren kas
(advertinsje)
(advertinsje)