Partijkas GemeenteBelangen SWF wurdt sponsore

De partij GemeenteBelangen-Totaal Lokaal yn Súdwest-Fryslân wol de lege partijkas oanfolje troch in gearwurking mei SponsorKliks. As klanten fan bekende webwinkels lykas Bol.com, Wehkamp of Coolblue net rjochtstreeks nei de online-winkel gean, mar dat dogge fia de webside fan GemeenteBelangen, smyt dat de partij jild op. Dat kin oprinne oant sa'n 5 oant 15 persint fan it oankeapbedrach.
GemeenteBelangen seit de earste politike partij te wêzen mei in oerienkomst mei SponsorKliks. De partij wol ekstra jild om de striid mei de lanlike partijen lykas CDA en PvdA oan te gean. Neffens foarsitter Douwe de Boer fan GemeenteBelangen Totaal Lokaal smyt it gjin problemen op dat de partij sponsore wurdt troch it bedriuwslibben, om't de ôfstân te grut is.