Aksje smyt 17.000 op foar VUmc ta de neitins fan Dirk Baron

03 jan 2018 - 12:55

Mear as 700 minsken út hiel Nederlân hawwe de ôfrûne wiken jild stoart foar de donearaksje ta oantinken oan Omrop Fryslân-presintator Dirk Baron. De aksje foar it VUmc Alzheimercentrum hat yn totaal 17.000 euro opbrocht. Dirk Baron naam op 28 novimber op 37-jierrige leeftiid ôfskied fan it libben. Dirk hie, krekt as syn heit, de sykte fan Alzheimer. De sykte behearske syn libben hieltyd mear. Om foar te kommen dat syn bern konfrontearre wurde soene mei deselde traumatyske ûnderfiningen, wie it foar Dirk in logysk beslút om sels it momint fan ôfskied te bepalen. Hy soe net trochmeitsje wat syn heit oerkaam wie.

Trefwurden: 
Dirk Baron Alzheimer aksje
(advertinsje)
(advertinsje)