Stoarm raast oer Fryslân: skea, oerlêst, wiete fuotten

03 jan 2018 - 14:57

Sûnt alve oere woansdeitemoarn raast der in stoarm oer Fryslân hinne. De wyn kin oanhelje oant in krêft 8 of 9, mei wynstjitten dy't yn krêft oprinne kinne nei wynkrêft 10 of 11. De stoarm soarget yn Fryslân noch net foar grutte problemen. Underoan dit artikel fine jo in liveblog, dat de hiele middei byhâlden wurdt mei it meast aktuele stoarmnijs. Brûkers fan de omropapp op iPhone of iPad kinne it liveblog hjir besjen.

Waadgebiet

Yn it Waadgebiet hellet de wyn bot oan, en kinne de ynstânsjes de krêft goed merke. Doeksen hat har boattiden foar Skylge en Flylân oanpast, en warskôget minsken om op Skylge de auto net te parkearen yn de buert fan de fearhaven. De provinsjale brêgen foarearst net betsjinne fanwege de hurde wyn. It is net dúdlik oant hoe let dit duorje sil.

Boskwachter Richardt Kiewiet fan It Amelân meldt dat de auto's dêr troch it hege seewetter ride moatte om by de fearboat te kommen.

Dreech koers hâlde

De provinsje meldt dat lege skippen op it PM Kanaal troch de hurde wyn muoite hawwe om koers te hâlden. Provinsjale Wettersteat is dêr oanwêzich om de skipfeart te begelieden.

Yn de wyk It Nijlân yn Ljouwert is in grutte beam omwaaid en tsjin in hûs oanfallen. Ek tusken Dronryp en Menaam hat de sterke wyn in beam út de grûn wei lutsen.

Sirkustinten sekerje

Sirkus Sander and Friends op it Aldehoustertsjerkhôf hat troch de hurde wyn harren foarstellingen foar woansdeitemiddei ôfsizze moatten. Meiwurkers fan it sirkus binne oan it begjin fan de middei hurd oan it wurk om de sirkustinten te sekerjen tsjin de hurde wyn. It sirkus sil kontakt opnimme mei de minsken dy't al in kaartsje foar de foarstelling kocht of reservearre hiene.

Dakplaten loswaaid

By it útstjoerburo Randstad oan de Skrâns yn Ljouwert hat de wyn oan it begjin fan de woansdeitemiddei in grut stik fan it dak loswaaid. De hurde wyn hat fet krigen op de dakplaten, wêrtroch't der gefaar is dat se op de dyk waaie. De brânwacht hat in grut stik fan de dyk yn de buert fan Randstad ôfsletten, en sil sjen hoe't de situaasje wer feilich makke wurde kin.

Trefwurden: 
stoarm
(Advertinsje)
(Advertinsje)