Stroomsteuring Ljouwert wer foarby

03 jan 2018 - 12:09
De man wurke yn it MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De stroomsteuring dy't ûnder oaren sikehûs MCL yn Ljouwert woansdeitemoarn trof, is wer foarby. Om likernôch kertier foar alven foel de stroom út. Meldingen dêroer kamen benammen út de wenwiken en bedriuweterreinen oan de súdkant fan de stêd. Krúsjale ôfdielingen - lykas de operaasjekeamers - hawwe in needstroomfoarsjenning, mar yn bygelyks de kantoaren gie it ljocht út en koene de kompjûters net brûkt wurde. Neffens wurdfierder Frits Mostert kin it wêze, dat pasjinten troch de steuring efkes wat langer wachtsje moasten, mar grutte gefolgen wiene der net. Dat komt neffens Mostert mei troch de fakânsjetiid. It is dan dochs al rêstiger yn it sikehûs.

Trefwurden: 
stroomsteuring Ljouwert MCL
(Advertinsje)
(Advertinsje)