Fergunning azc Balk net rjochtsjildich

03 jan 2018 - 11:50

De fergunning fan de gemeente De Fryske Marren foar it asylsikerssintrum yn Balk, is net rjochtsjildich. De direkte buorlju fan it azc wiene nei de rjochter stapt en dy hat harren gelyk jûn. De Balksters binne net tsjin de opfang fan flechtlingen, mar se binne it net iens mei de wize wêrop de proseduere gien is. It azc soe te ticht op harren melkfeehâlderij kaam wêze, wêrtroch't sy net útwreidzje kinne. Troch de útspraak fan de rjochter stiet it azc feitlik yllegaal yn Balk. De gemeente krijt no wol de tiid om de proseduere opnij en better te dwaan. It azc hoecht om dy reden foarearst net ticht.

Trefwurden: 
Balk AZC rjochtsjildich
(advertinsje)
(advertinsje)