Telefoandieven oanhâlden yn Mediamarkt Ljouwert

03 jan 2018 - 11:22
Mediamarkt Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Ljouwert hat twa winkeldieven oanhâlden, ien siet yn in rolstoel. De dieven hiene it benammen foarsjoen op elektroanika by de Mediamarkt. Se wiene earder aktyf by de fêstiging yn Ede en wiene dêr te sjen op kamerabylden. It winkelbedriuw stjoerde de bylden nei alle fêstigingen. In meiwurker yn Ljouwert seach it duo doe't it yn de Ljouwerter fêstiging har slach slaan woe. Doe't te sjen wie dat se telefoans út de ferpakking hellen, is it duo troch befeiligers oanhâlden en oerdroegen oan de plysje. De telefoans waarden yn de rolstoel werom fûn. De plysje siket noch nei in tredde fertochte.

Trefwurden: 
stellerij Ljouwert telefoan
(advertinsje)
(advertinsje)