Stroomsteuring yn Ljouwert: MCL troffen

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Der is op dit stuit in stroomsteuring yn Ljouwert. Dy begûn om ûngefear kertier foar alven. Meldingen komme benammen út de wenwiken en bedriuweterreinen oan de súdkant fan de stêd. Underoaren sikehûs MCL is troffen troch de steuring. Krúsjale ôfdielingen - lykas de operaasjekeamers hawwe in needstroomfoarsjenning - mar yn bygelyks de kantoaren is it ljocht út en kinne de kompjûters net brûkt wurde. Wurdfierder Mostert seit dat de operaasjes dy't al oan de gong wiene, ôfmakke wurde. Nije operaasjes kinne net begjinne, oant der wer stroom is.

Ek Omrop Fryslân hie lêst fan de stroomsteuring, mar mei help fan de needstroomfoarsjenning koene de systemen hiel rap wer opstarten wurde. Ek de radioútstjoering gie gewoan troch.