FNP wol dúdlikens oer oerstek by Surhuzum

Bern fiere aksje foar fytstunnel by Surhuzum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De fraksje fan de FNP yn Achtkarspelen hat noed oer it útbliuwen fan in feilige oerstek by de Uterwei fanút De Mieden nei Surhuzum. Der wurdt al twa jier troch gemeente en provinsje praat oer in fytstunnel as in fytsbrêge. ''Oant no ta is de ried noch net ynformearre oer de fuortgong en dit noasket de FNP mar min'', seit de fraksje yn in parseberjocht.
De fraksje wol fan de gemeente witte oft der oerlis west hat en oft dit konkreet wat opsmiten hat. De gemeente komt binnen 30 dagen mei in antwurd op de fragen.