Koade oranje yn Fryslân fanwege tige hurde wyn

(argyffoto) © ANP
It KNMI hat woansdei fan 11 oere moarns ôf koade oranje ôfkundige foar Fryslân, it Waadgebiet, Noard-Hollân en Flevolân. It waarsynstitút warskôget foar tige swiere wynstjitten, mei snelheden fan 100 oant 120 kilometer yn de oere, op see mooglik sels oant 130 kilometer yn 'e oere. Foar de rest fan it lân jildt koade giel. Oan de ein fan de middei en yn de rin fan de jûn sil de wyn stadichoan ôfnimme.