Fangrail trochboarret bus yn Snits

In nuver ûngelok yn Snits woansdeitemoarn. In streekbus kaam op de Lemmerwei yn Snits yn botsing mei in fangrail. De fangrail hat hjirby de bus trochboarre, fan foar nei achter. De bestjoerder fan de bus en in passazjier kamen mei de skrik frij. It ûngelok soarge foar in flinke ravaazje. In bergingsbedriuw moast deroan te pas komme om de bus ôf te fieren.