Kollum: "Wifeling"

"Woansdei. Je sitte mei de hannen omheech. Dy moatte daliks delkomme op it toetseboerd om in moaie kollum te skriuwen. Mar dan is der in wifeling. Je sitte ommers oan it begjin fan in nij jier. Dat is, hoewol myn goede foarnimmens altyd op 24 april of 7 juny yngeane, altyd dochs wat in nije start. Je bin ommers lykas oaren fleurich mei it glês yn de hân oer in drompel stapt. Dus de wifeling hâldt oan.

Je hoege net oer âldjiersjûn te skriuwen. Der wiene mar in pear deaden, likefolle fjoerwurkslachtoffers as oars en in bytsje minder arrestaasjes, al sitte der hûnderten fêst. En mar 12 miljoen skea. No dan ha de plysjes it al oer in slagge âldjiersjûn.

Mar dêrmei sitte de hannen noch net op it boerd. Je wolle it ek net mear ha oer ferline jier, dat hat west. En âldjiersploegen ha, yn dy frjemde Fryske tradysje, har bêst dien om elk te fertellen dat we guon saken net wer dwaan moatte. Je wolle ek net te folle foarútsjen. Want der sitte op 't heden in dikke 20 boargemasters en in Brok te skriuwen oan harren nijjierstaspraak, sokke lju moat je net yn it paad sitte.

Dan begjinne de wifeljende hantsjes te triljen. Freed moat ik nei Drylts foar de Frijtinker, dêrmei begjint it kulturele haadstêdjier earder as it begjint. Sa rommelich sil it hiele jier wol bliuwe. Mar elk is op 't heden, sa stiet yn de Ljouwerter Krante, entûsjast. No, dan moat je no net nei de echte lûden yn de mienskip hearre. We sjogge it wol. Hantsjes wifelje noch altyd.

En dan falt myn each op lyts appke. Noord-Koreä oerwaacht om sporters te stjoeren nei de Olympyske Winterspelen yn PeyongChang, dat Vrede en Voorspoed betsjut. Dat soe dus kinne moatte. Mar Súd-Koreä moat fansels no earst oerlizze mei Amearika, Ruslân, Japan, Sina en miskien wol Nederlân, dat op tiisdeis, tongersdeis en sneons ek yn de Veiligheidsraad sit. Dat oerlis is riskant. Stel je foar dat Trump syn gebrûklike nee hearre lit. Of Poetin, om't Noord-Koreä shorttrackers hat, dy’t better binne as dy fan him. Dan seit Súd-Koreä nee, dy Noord-Koreanen meie net komme. Tsja, dan krijt Youp van ’t Hek miskien wol gelyk en smite dy Noord-Koreanen in bom op PeyongChang as 9 febrewaris dy spelen begjinne. Dat leit flakby, it is maklik te rikken ha ’k berekkene. Dus ik pak de list fan Nederlânske riders. Want dan bin we dy dêrnei kwyt en je moat dochs wat oerhâlde foar de WK op de coolste baan fan Rintsje Ritsma yn Amsterdam, dy’t foar it oare neat mear is as in swimbad yn maart, it wie op âldjiersdei al 12 graden.

Ik sjoch dy list mei nammen en dan ploffe de hannen op it toetseboerd en rattelje dit lêste stik oan ien wei troch. Yn Amearika is it yn de atletyk sa: je kin heech of leech skite, ien twa en trije gean nei de Olympyske Spelen. Kampioen of blessearre, je moatte by de earste trije sitte. Nederlân hat ek seleksjewedstriden en in matriks. Mar dêr grieme se sa mei om, dat der noch wiken diskusje wêze sil. Se melden wat se beprutst hienen pas yn it âldjierswykein, dan wiene de media der net.

Verbij de 1000, dan bliuwt Krol thús. Otterspeer is in bettere reserve as ien dy’t foar him selektearre wie, mar dan kin Jan Blokhuysen mei. Want dêr gie it om. Dy moast fan Verweij en Sven Kramer mei yn de efterfolgingsploech. En dan móat je yndividueel ek meidwaan. Allinne mar om't dy jonges Jorrit Bergsma net mei ha woene. Sterker, Jorrit mei de massastart ek net meidwaan. Want se ferwachtsje dat Kramer, dy’t noch noait in massastart riden hat, better de saak tichtride kin foar Verweij. In dei letter, nijjiersdei op it nasjonaal kampioenskip maraton seagen we, en sij dus ek, Jorrit in gat tichtriden doe’t Bob de Vries foel. Sa ferskriklik fenomenaal wie dat, selden sjoen.

Krekt as fjouwer jier lyn is de Nederlânske ploech: de rest tsjin Jorrit. Hy waard doe de 10 km kampioen. Dat moat mar wer. Miskien dat de bûnscoaches Geart Kuiper en Arie Koops dan wekker wurde en noait wer de lûdstroppende riders de ploech bepale litte."

03 jan 2018 - 8:49
(advertinsje)