Tongersdei seksje op lichem ferstoarne Westerener

03 jan 2018 - 08:14

It stoflik omskot fan Remon Bruinsma wurdt tongersdei ûndersocht. Der wurdt seksje dien op syn lichem om efter de deadsoarsaak te kommen. De plysje kin noch neat sizze oer wannear't de útkomsten fan dat ûndersyk bekend wurde. ''Wij stellen uiteraard eerst de familie in kennis'', seit de plysje. It lichem fan de sûnt 1 desimber ferline jier fermiste Bruinsma waard ôfrûne moandei fûn yn it wetter by de Prinsetún. Der binne noch in soad fragen oer wat der yn de nacht fan syn ferdwining bard is.

Trefwurden: 
Remon Bruinsma
(advertinsje)